Amtners Heerlen fytse nei Ljouwert fanwege Serious Request

02 sep 2015 - 14:10
  • Serious Request wie yn 2013 yn Ljouwert

In groep amtners fan de gemeente Heerlen komt takom wike op de fyts nei Ljouwert ta. Oanlieding is it feit dat it Glêzen Hûs dit jier yn Heerlen stiet. De amtners fytse dêrom by alle oare stêden del dy't earder gasthear fan Serious Request west hawwe. Yn alle plakken krije de fytsers in opdracht wêrmei't se jild ophelje.

Mei de fytstocht wolle de amtners 50.000 euro ophelje. De delegaasje út Heerlen wurdt tiisdei ûntfongen op it stedhûs yn Ljouwert. De oare deis fytse se nei Grins. It Glêzen Hûs stie yn 2013 yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)