Bollen wer wolkom by Bolletongersdei

02 sep 2015 - 12:39
  • Bollen binne wer wolkom op Bolletongersdei yn Boalsert

De organisaasje fan Bolletongersdei yn Boalsert hat grien ljocht krigen foar de oanfier fan bollen. Eins meie je fee net byelkoar sette yn ferbân mei it risiko op fersprieding fan sykte, mar mei wat ekstra betingsten hat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit dochs tastimming jûn.

De bollen op de merk binne wichtich om de doarpen en it plattelân wer wat mear by it feest te belûken, sa fine se by de stichting Bolletongersdei. Bolletongersdei is op tongersdei 1 oktober.

Sûnt de tongblierkrisis fan 2001 wie it net mear tastien om bisten fan ferskillende boerebedriuwen op in iepenbier plak te ferhanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)