Drachtster frou ferwûne by oanriding

02 sep 2015 - 11:31

In 33-jierrige Drachtster frou is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op de Noordkade yn har wenplak. De frou stuts de dyk oer, mar seach net goed út. Dêrtroch waard se skept troch in 35-jierrige automobiliste út Drachten.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)