Strjitrôf yn Dr. Zamenhofpark Ljouwert

02 sep 2015 - 11:22
  • It Dr. Zamenhofpark by de Ljouwerter rûnwei

Twa famkes fan 13 en 14 jier út Ljouwert binne tiisdeitemiddei yn it Dr. Zamenhofpark yn harren wenplak mei in mes bedrige en berôve fan mobile telefoans. De dieders wienen in blanke jonge fan begjin 20 en in blank famke fan sa'n 16 jier. De jonge wie sa'n 1,95 meter lang, hie donker hier en hie in griene pet op en earsieraden yn. It famke wie blond, hie in min gebit, hie swarte skuon oan en se hie in Chaneltas by har.

De plysje hat fuort nei de strjitrôf in boargernetmelding útdien, mar de fertochten binne noch net fûn. Wol is letter ien fan de stellen telefoans weromfûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)