Lustrum foar Admiraliteitsdagen Dokkum

02 sep 2015 - 08:46

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum hawwe dit jier in lustrum: it is de fyfde edysje. Dêrom wurdt der flink útpakt. Sa duorje de Admiraliteitsdagen dit kear fjouwer dagen yn stee fan trije. It feest giet op snein langer troch as oars.

Ferneamde artysten dy't dit jier komme, binne ûnder oaren Nielson, Brainpower, Jim Bakkum en Elske DeWall. In part fan de artysten trede op op in spesjaal poadium op it wetter. De Admiraliteitsdagen sette tongersdei útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)