Spesjale riedsgearkomste Súdwest-Fryslân oer wynmûnebeslút

02 sep 2015 - 07:48

De gemeente Súdwest-Fryslân praat woansdei yn in spesjale riedsgearkomste oer it wynmûnebeslút fan minister Henk Kamp. Yn dat beslút is fêstlein dat der yn de Iselmar in wynpark oanlein wurdt fan 316 megawatt. Ek it kollege fan Deputearre Steaten hat hjir tiisdei mei ynstimd. Súdwest-Fryslân soe krekt as de provinsje leaver wolle dat de wynmûnen by de Ofslútdyk komme. Mar dat is no echt fan de baan.

Dochs wol Súdwest-Fryslân noch yn petear mei de gemeenteried, om't bygelyks oer de omfang fan it park noch wol diskusearre wurde kin. Strikt naam kin de gemeente der ek noch foar kieze om net mei te wurkjen oan de fergunning foar it wynpark, mar dat betsjut wol dat Súdwest-Fryslân ek de bykommende leezjes, sa'n ien miljoen euro, misrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)