Biste-opfang Norma Miedema nei nij ûnderkommen yn Noordhorn

02 sep 2015 - 07:26

Norma Miedema hat in nij ûnderkommen foar harsels en har bisten fûn yn Noordhorn (Grinslân). Dêr hat se in âlde pleats mei stâl kocht.

Ofrûne juny baarnde Norma's Universum yn Ferwert hielendal út. Dêrby kamen ek ferskate bisten om it libben. Fanút it hiele lân kamen aksjes op gong en waard der jild ynsammele. Dêrmei hat Norma no in nije opfang kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)