ZorgPK's stelt 30.000 beskikber foar ynset hynders yn soarch

01 sep 2015 - 23:41

Dr. Carla Rutgers en dr. Christoph Maria Ravesloot ha in jildbedrach fan 30.000 euro wûn foar harren projektfoarstel 'meting van hartritme-variatie bij interventies met paarden'. Se sille mjitte hoe't it hartritme by minsken feroaret as hynder en minsk kontakt ha. It jildbedrach is beskikber steld troch de Stichting ZorgPK's út Burgum.

De stifting hat him fiif jier lang ynspand foar it stimulearjen fan de ynset fan hynders yn de soarch. Omdat dizze stifting him meikoarten opheft woene se noch ien kear in stimulâns jaan.

Der waard in priisfraach útskreaun. Yn totaal binne der 23 foarstellen yntsjinne.

Trefwurden: 
Zorg PK's Burgum priisfraach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)