GGZ nimt binnen moanne beslút oer komst ferslavingssoarch

01 sep 2015 - 22:09

De GGZ nimt binnen in moanne in beslút oer de ferhier fan ien fan har gebouwen yn Hearrenfean-noard oan Verslavingszorg Noord-Nederland, de VNN. Om foar genôch draachflak te soargjen yn de buert wurdt der in konvenant opmakke tusken de GGZ, de VNN en de bewenners.

Dat is tiisdeitejûn besletten op in ynformaasjebyienkomst yn de wyk. Op in eardere byienkomst wie der krityk op de GGZ, omdat der in soad oerlêst is rûnom de gebouwen fan de soarchynstelling en omdat de kommunikaasje min wie.

Sûnt dy tiid hat der in soad oerlis west en binne der ferbetterings oanbrocht. De bewenners binne hjir posityf oer, al binne se noch altyd net foar de komst fan de VNN. It konvenant soe it draachflak ferbetterje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)