Dit wykein gjin treinen tusken Ljouwert en Harns Haven

01 sep 2015 - 18:28
  • Trein fan Arriva

Fanwege wurksumheden oan it spoar ride der no sneon 5 septimber en snein 6 septimber gjin treinen tusken Ljouwert en Harns Haven. Der wurde bussen ynset. Dat soarget foar in fertraging fan maksimaal twintich minuten.

Yn ferbân mei it festival Into The Great Wide Open op Flylân wurde der op beide dagen spesjale bussen ynset dy't ek fytsen ferfiere kinne. Dizze bussen ride yn oansluting op de boattiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)