Provinsje leit him del by wynmûneplan fan it Ryk

01 sep 2015 - 16:20

It kolleezje fan Deputearre Steaten leit him del by it wynmûneplan fan it Ryk. Fryslân giet akkoart mei it opwekken fan 316 megawatt wynenerzjy yn de Iselmar by Makkum, sa't minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken wol.

Earder krige it kolleezje de opdracht fan Provinsjale Steaten om by it Ryk oan te trunen op wynmûnen by de Ofslútdyk. Benammen it CDA woe dat. Dy opsje lit it kolleezje fan Deputearre Steaten no farre.

Meiïnoar moat Fryslân 530,5 megawatt wynenezjy opwekke, yn opdracht fan it Ryk. Minister Kamp stelt foar om de 316 megawatt dy't aanst yn de Iselmar opwekt wurdt dêryn meitelle te litten. Ek al ha de wynmûnen yn dat wynpark miskien folle mear fermogen. Deputearre steaten stimme dêr earst mei yn, mar as it fermogen echt folle heger útfalt as dy 316 megawatt, wolle se opnij mei de minister om de tafel. Want dan soene der minder mûnen op it lân nedich wêze.

De diskusje oer wêr't de wynmûnen krekt komme moatte, duorret al in pear jier. Ek de gemeente Súdwest-Fryslân hat him ferset tsjin de komst fan wynmûnen by Makkum. Yn totaal moat Fryslân 530,5 megawatt oan wynenerzjy opwekke fan it Ryk. Provinsjale Steaten moatte úteinlik it definitive beslút nimme oer it útstel fan Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)