Húsdokter, supermerk en pinautomaat belangrike foarsjennings

01 sep 2015 - 12:53

De supermerk, in húsdokter, in pinautomaat, it sikehûs en iepenbier ferfier binne de wichtichste foarsjennings yn Fryske stêden en doarpen. Dat docht bliken út in enkête ûnder it Frysk boargerpanel. Dat is ûnderdiel fan it Frysk Sosjaal Planburo. Yn totaal binne hast 1800 minsken ûnderfrege.

Sintrale fraach wie hokker foarsjenning minsken it meast misse soenen en hoe't se oer de besteande foarsjennings tinke. Benammen ynwenners fan de stêd binne tefreden oer wat der oan ynstellingen en ferienings yn de buert is.

Op it plattelân is de tefredenheid wat minder. Ek fine minsken yn de bûtengebieten bygelyks in buert- of doarpshûs folle wichtiger as ynwenners fan in stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)