Gemalen Wetterskip Fryslân draaie op folle krêft

01 sep 2015 - 12:23

Wetterskip Fryslân lit de gemalen op folle krêft draaie om al it reinwetter fan de ôfrûne dagen fuort te pompen. Ek it Hooglandgemaal draait, mar dan allinnich nachts. Dan is de stroom goedkeaper.

It wetterskip meldt fierder gjin grutte problemen. Wol rûnen moandei op ferskate plakken yn Fryslân strjitten ûnder wetter. Dat barde ûnder oare yn Boalsert, Balk, Deinum, Wânswert en op De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)