Maritime opliedings Friese Poort op Urk ûnder ien dak

01 sep 2015 - 11:55

De maritime opliedings op Urk en it folwoeksenenûnderwiis dêr sitte mei yngong fan dit kursusjier op ien mienskiplike lokaasje. De gearwurking is in logysk ferfolch op it oernimmen fan de maritime oplieding troch ROC Friese Poort op 1 jannewaris fan dit jier. Troch dizze stap kinne de maritime opliedings foar jongeren en folwoeksenen bestean bliuwe.

Friese Poort hat in soad ûnderfining mei folwoeksenenûnderwiis yn maritime technyk.

Troch de gearwurking wurdt it ûnderwiisbod tenei oanfold mei maritym ûnderwiis en feiligens op it wetter, lykas it learen op ôfstân foar seefarrenden, opliedings en kursussen foar de beropsfeart en maatwurktrajekten.

Trefwurden: 
Friese Poort ROC Urk maritym
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)