Skippers: Ljouwerter Noarderbrêge gau oanpakke

01 sep 2015 - 11:42

Skippersferiening VSL ropt de gemeente Ljouwert op om gau wat te dwaan oan de gefaarlike situaasjes by de Noarderbrêge. Koartlyn bleau it Grinzer steatejacht mei in kabel achter de brêge hingjen. Mei as gefolch dat twa mêsten omlutsen waarden en in opfarrende ferwûne rekke.

Neffens de VSL kinne sokke ûngelokken foarkommen wurde troch geleiders oan de ûnderkant fan de brêge oan te bringen. Dêrtroch komme skippen mei útsteksels net mear fêst te sitten, tinke de Ljouwerter skippers.

De Ljouwerter skippers witte wol dat de Noarderbrêge net hielendal iepengiet en mar in koarte trochfeart hat. Syljachten komme benammen by hurde wyn wolris yn problemen by de brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)