Meiwurkers V&D Ljouwert bypraat oer reorganisaasje

01 sep 2015 - 11:30

De meiwurkers fan V&D Ljouwert binne tiisdei bypraat oer de reorganisaasje dy't it bedriuw trochfiert. De meiwurkers krigen ek te hearren oft se har baan hâlde kinne of dien krije.

De gearkomste hie gjin ynfloed op de iepeningstiden fan de V&D, dy gong gewoan om 10.00 oere iepen. Hoefolle minsken har baan kwytreitsje by de fêstiging yn Ljouwert is net dúdlik. Njonken meiwurkers fan de V&D wurkje der ek minsken by it La Placerestaurant. De ferwachting is dat ek dêr minsken dien krije. De V&D hat in skuld fan 42 miljoen euro.

It konsern drige dêrtroch fallyt te gean. Der moat sa'n 10 miljoen euro besunige wurde. Der wurkje yn hiel Nederlân sa'n 5000 minsken by V&D en La Place.

Trefwurden: 
V&D reorganisaasje banen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)