Snitser sânhotel falt yn 'e prizen

01 sep 2015 - 10:25

It sânhotel yn Snits hat de twadde priis wûn by de 'Eropuit in Eigen Land'-prizen. Snits die mei yn de kategory bysûndere oernachtings. De earste priis gie nei Teksel foar it projekt 'Yurts op Texel'. It tredde plak wie foar de Groote Wijzend yn Lutjebroek.

It publyk koe stimme op syn favorite oernachting, mar ek op de bêste hotels, restaurants en aktiviteiten. De 'Eropuit in Eigen Land'-prizen binne foar de fjirde kear útrikt. De twadde priis foar it sânhotel yn Snits bestie út in sertifikaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)