Doutzen.frl en oare premium.frl domeinnammen te keap

01 sep 2015 - 10:21

It online feilinghûs Catawiki feilt dizze wike de earste saneamde premium.frl domeinnammen. It giet dan om webadressen lykas vakantiehuisje.frl, restaurant.frl of zwembad.frl. De meast opfallende ynternetnamme dy't op de list stiet is doutzen.frl. Undernimmers kinne dizze domeinnammen keapje.

Dat kin handich wêze as bygelyks de Nederlânske domeinnamme al beset is. Dy komme nammentlik hast noait te keap as se ien kear yn gebrûk binne. De feiling duorret oant en mei freed.

Trefwurden: 
domeinnamme .frl Catawike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)