Nije wike weriepening Julianaleane Ljouwert

01 sep 2015 - 10:04

De fernijde Julianaleane yn Ljouwert wurdt nije wike tiisdei offisjeel iepene. De ôfrûne tiid wie de dyk geregeld ôfsletten fanwege wurksumheden. Sa waard der ûnder oare in tal rotondes oanlein. Ek is der nij asfalt kaam. It wurk wie bedoeld om it ferkear better trochride te litten en it oerstekken feiliger te meitsjen.

De kommende hjerst wurde der noch nije beammen en hagen by de Julianaleane del set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)