Marrumer (17) ferwûne by oanriding mei trekker by Hallum

01 sep 2015 - 09:58

De trekkerbestjoerder dy't moandei ferwûne rekke by in ûngelok op de Ljouwerterdyk (N357) by Hallum, wie in 17-jierrige jonge fan Marrum. De trekker fan it slachtoffer waard fan achteren oanriden troch in frachtwein. Dy waard bestjoerd troch in 27-jierrige man út it Grinslanner Stadskanaal.

Troch de klap kantele de trekker en bedarre dizze yn de sleat. De jonge is mei ûnbekende ferwûnings nei it MCL yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)