Bakkerij en lêste winkel Warns giet ticht

01 sep 2015 - 07:37

Warns rekket de lêste winkel kwyt. Van der Meulen fan de bakkerij mei deselde namme hâldt dermei op. It kin foar de bakker net mear út. In skoft lyn rekke er in grutte klant kwyt. Boppedat binne der in soad jonge minsken dy't tsjintwurdich alles yn de supermerk keapje en net mear nei de bakker geane. Ek hat Van der Meulen altiten sutele, mar dat kin er net kombinearje mei it bakken fan de bôle en it ferkeapjen yn de winkel.

Sneon giet de ûne definityf út en moat Warns fierder sûnder winkel.

Van der Meulen hopet dat er sa no en dan nochris ynfalle kin by kollega-bakkers.

Tiisdei 1 septimber yn Hea! om 17:20.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)