Boarterstúnferiening kriget 4000 euro fan Oranjefûns

31 aug 2015 - 15:33

De boarterstúnferiening de Draaikolk yn Ljouwert hat 4000 euro krigen fan it Oranjefûns. It jild wurdt brûkt foar in nij ferieningsgebou. Dêryn komt ûnder oare romte foar fergaderings, bingo of nifelmiddeis.

De Draaikolk leit oan it Vliet, yn de wyk de Swetten. De boarterstún hat ek in lyts, ûndjip swimbad. Op 26 septimber, 'Burendag', is der in iepen dei foar belangstellenden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)