Goed fjouwer ton subsydzje foar Fryske tsjerken

31 aug 2015 - 14:57

De Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen hat foar 22 tsjerken en tsjerketuorren subsydzje krigen. It giet mei-inoar om goed fjouwer ton. Dêrmei hat de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed alle oanfragen fan de stichting honorearre.

Mei it jild wurde de tsjerklike gebouwen de kommende seis jier ûnderhâlden. De subsydzje is de helte fan it bedrach dat yn totaal nedich is: hast ien miljoen euro. It oare jild komt fan de tsjerkebestjoeren en oare subsydzjepotsjes.

De folsleine list mei subsydzjes:

1 Abbegea, tsjerke € 26.940,00
2 Akkrum, eardere Herf. tsjerke € 20.138,00
3 Midslân tsjerke, tsjerkhôfsmuorre en stek € 49.827,00
4 Nes D., eardere Herf. tsjerke € 21.980,00
5 Noardburgum, tsjerke en kategesaasjelokaal € 16.893,00
6 Aldlemmer, tsjerke € 17.036,00
7 Raerd, tsjerke € 26.296,00
8 Flylân, earmhûs € 16.116,00
9 Minnertsgea, tsjerke € 24.060,00
10 Hantum, tsjerke € 29.062,00
11 Rinsumageast, tsjerketoer € 13.272,62
12 Feanwâlden, tsjerketoer € 3.539,34
13 Damwâld, tsjerketoer € 9.016,07
14 Feanwâlden, Skierstins € 11.775,66
15 Driezum, tsjerketoer € 12.155,31
16 Garyp, eardere Herf. tsjerke en toer € 20.614,00
17 Kollum, Eastertsjerke € 32.949,00
18 Makkingea, tsjerke € 21.218,00
19 Makkingea, tsjerketoer € 10.875,00
20 Langedike, klokkestoel € 1.050,00
21 Surch, tsjerke € 21.543,00
22 Baard, tsjerke, toer en stek € 25.418,00
Totaal € 431.774,00

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)