D66 Fryslân: "Mear reklame foar toeristyske attraksjes"

31 aug 2015 - 12:55
  • D66

Fryslân moat mear reklame meitsje foar toeristyske attraksjes. Dat fynt Marieke Vellinga, steatelid fan D66. Dy reklame kin troch buorden by de diken del te setten om minsken derop te wizen dat der wat te sjen of te dwaan is. Yn it bûtenlân wurdt dat al folle faker dien.

Vellinga tinkt ûnder oare oan de alve stêden, de marren, mar ek de Aldehou yn Ljouwert of de Wetterpoarte yn Snits fertsjinje neffens D66 in boerd. De partij hat de kwestje twa jier lyn ek al ris oankaart, mar doe hawwe deputearre steaten der neat mei dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)