Kollum: "Dûnsje is bidde mei de fuotten"

31 aug 2015 - 12:19
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

Dûnsje is bidde mei de fuotten

Kinne jim Nick Cave? Guon grif wol, oaren net. It is in sjonger dy't meastal de tsjustere kant fan it libben opsiket mei syn sjongteksten. Wêrom ha ik it oer dy man? Ik kaam syn namme tsjin yn in artikel dat ik lies. Nick Cave hat in prachtich nûmer skreaun dat Wonderfull Life hjit. Dêr kom ik daliks op werom.
Wisten jim dat der in glossy oer begraafplakken bestiet? It is in útjefte fan it Landelijk Orgaan Begraafplaatsen, koartwei it LOB. Dy jout in kear as seis yn it jier in prachtich tydskrift út mei allerhanne ynfo oer begraven en alles dat dêrmei te krijen hat. It beskriuwt bygelyks wat de nijste beliedsregels binne, mar jout ek minsken it wurd dy't wat mei hôven ha, guon dy't der wurkje en oaren dy't der graach komme. En der is romte foar in rubryk oer wêr't ferneamde Nederlanners harren lêste rêstplak fûn ha. Neat gjin mistreastich blêd, mar tige lêsber. As se my de kar joegen tusken de nijste Linda en De Begraafplaats, keas ik foar it lêste.

Dûnsje is bidde mei de fuotten. Dat is in útspraak dêr't ik efkes oer neitinke moast. Dûnsje yn kombinaasje mei de dea. Yn earste ynstânsje net ien dy't foar de hân leit, mar it minskdom docht it al ieuwen, wisten jim dat? Om de dea te beswarren dûnsen de minsken. Doe't yn de midsieuwen de befolking teistere waard troch de iene pestepidemy nei de oare, kaam de satiryske dance macabre yn opkomst. In skelet begelate yn in fleurige rijdûns de roustoet nei it begraafplak.

Doe wie der noch gjin ynternet.

De Belgyske Ann van den Broek skreau op de muzyk fan Nick Cave syn Wonderfull Life in part fan de de koreografy fan in dûnsfoarstelling mei de namme Q61 Cemetery. Dy namme ferwiist nei it nûmer fan de urnnis dêr't har ferstoarne broer yn bysetten is. Doe't se dwaande wie mei dy produksje ynmekoar te setten, fielde se it ferlangjen om de foarstelling sa oan te passen dat er geskikt wie om út te fieren op in begraafplak. Yn neitins oan har broer.

Yn augustus 2014 is de foarstelling op trije ferskillende hôven yn Antwerpen útfierd. Der stiet yn de Begraafplaats in resinsje fan in besiker oan ien fan de útfierings. Dy wie ta triennen ta roerd nei it sjen fan de foarstelling. Mar it soe ynearsten by dy pear kear opfieren bliuwe.
Doe't der sprake fan wie dat de show ek yn Nederlân op in begraafplak yn Alkmaar spile wurde soe, gie de beer los.

Want no is der wol ynternet. Wat net sizze wol dat alles wat dêrop oan teksten skreaun wurdt, nuansearre en trochtocht is. Earder it tsjinoerstelde.

De emoasjes rûnen op de sosjale media sa heech op, dat de meiwurkers fan it begraafplak yn Alkmaar mei de dea bedrige waarden, krekt as de dûnsers út it stik fan Ann van den Broek. Teksten lykas: 'De eerste de beste artistieke klootviool die in de buurt komt van het graf van mijn stiefvader, trap ik het eerste het beste lege graf er naast in.' En mear fan datsoarte proaza.

Dêr bleau it net by. Op de dei fan de útfiering, wienen der al betiid demonstranten op it hôf. Letter op de dei waard de sfear grimmitich en foelen der sels klappen. De Nederlânske premjêre waard skrast. Wylst nimmen sjoen hie wat de foarstelling no krekt om de hakken hie, it liket my ek sterk dat de opleppen beswiermakkers harren sa djip yn de foarstelling lêzen hienen dat se wisten dat er makke wie as oantinken oan in ferstoarne broer fan de skriuwster. Ien en al primêre lilkens en ûnbegryp fierden de boppetoan.

De resinsje oer de foarstellings yn Antwerpen beskriuwt dûnsers dy't mei de grutst mooglike foarm fan respekt no krekt nét dogge wat der op ynternet oer harren sein waard, nammentlik oer de grêven dûnsje en mear fan datsoarte ûnsin.

It blykt mar wer dat begraafplakken in grutte emosjonele betsjutting ha. Al hoe goed bedoeld ek fan Ann van den Broek, ik tink net dat wy ynkoarten yn Fryslân sjen en harkje kinne nei dûnsers op in hôf, dy't op Nick Cave syn Wonderfull Life in dûnsfoarstelling jouwe. De geasten binne der noch lang net ryp foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)