Nij systeem fan dongfergisten 'docht de ko nei'

31 aug 2015 - 11:28

Mei in ynvestearring fan 6 miljoen euro komt der in trochbraak yn in nije wize fan dongfergisten. Dit wurdt dien by de Dairy Campus yn Ljouwert. Fanwege de hege kosten fan grûnstoffen koe it oant no ta net út om dong om te setten yn biogas.

It nije systeem dat no oanlein wurdt, is folle effisjinter en goedkeaper. It docht it proses nei dat yn de magen fan in ko plakfynt. Dêrtroch hoege gjin djoere grûnstoffen brûkt te wurden, mar kin it mei organysk ôffal. It nije systeem moat himsels bewize.

It is foar it earst dat de nije wurkwize op grutte skaal tapast wurdt. Wol binne lytsere projekten yn Amearika goed ferrûn. Fryslân is dêrmei in foarbyld foar de rest fan it lân. It jild is fan de provinsje en komt út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)