SUP-Alvestêdetocht fan start gien yn Ljouwert

31 aug 2015 - 10:31

220 kilometer lang steand peddelje op in surfplanke (ek wol suppen neamd). Dat is dêr't fjouwer sporters yn de Prinsentún yn Ljouwert moandeitemoarn mei úteinset binne. Se dogge mei oan de SUP-Alvestêdetocht. De fjouwer sporters, dy't út Nederlân, Frankryk en Ingelân komme, wolle dizze tocht non-stop ôflizze en sille derom ek nachts trochgean. De sporters meie dêr maksimaal fjirtich oeren oer dwaan.

Ien fan de fjouwer dielnimmers is Mike Kranenburg. Hy sil fan woansdei oant en mei snein ek noch meidwaan oan de tourtocht by de alve stêden del. Hy 'supt' dus 440 kilometer dizze wike. Kranenburg docht dat om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Mear ynformaasje dêroer is te finen op: mike-sportpage.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)