Kollum: "In wrâld fan ferskil"

31 aug 2015 - 08:28
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

In wrâld fan ferskil

Kinst gjin radio of telefyzje mear oandwaan of de berjochten oer flechtlingen streame de húskeamer yn. Minsken dy’t op gammele boatsjes, yn smoarhjitte frachtweinen of folpakte treinen har libben riskearje om in feilich plak te sykjen. Fier fan hûs, mei inkeld noch in pear klean om ‘e kont en de hoop op in bettere takomst. Ik kin my net foarstelle hoe grut de eangst wêze moat om alles achter te litten en mei in lytse poppe yn sa’n rubberboatsje te stappen, dêr’t ik noch net de Snitser Mar mei op gean woe.

Wa’t witte wol hoe’t echte wanhoop der útsjocht, hoecht allinnich mar nei it sjoernaal te sjen. In pear wike lyn wie der dat lytse jonkje, dat plat drukt waard yn in trein yn Macedonië. Mei de holle út it rút ûntduts er ta syn grutte skrik dat syn mem noch op it perron stie, wylst er fan alle kanten minsken harsels yn de stampfolle wagon drukten. Hy koe gjin kant op. Yn bline panyk rôp er om syn mem, wêrnei’t in pear sterke hannen him gelokkich wer út de trein tilden. Dy panyk yn syn eagen joech my pikefel oer myn hiele lichem.

Oant no ta wiene it allinnich dizze ferskriklike bylden op telefyzje en berjochten op de radio dy’t my pikefel joegen. Oant ik ôfrûne wike sels op it Grykse eilân Kos wie. Op syk nei de sinne hiene wy in hearlik wykje fuort boekt. Al de earste dei nei ús online reservearring kamen der op it nijs lykwols berjochten oer flechtlingen dy’t massaal oanspielden op it strân fan ús fakânsjebestimming. Njonken de fleurige parasols fan de badgasten, seach ik op it sjoernaal bylden fan wit ik hoefolle reade en giele swimfesten en rubberboatsjes op it strân, wêrmei’t minsken de oertocht weage hiene. In ûnwerklik plaatsje, wêryn’t gelok en ûngelok yn ien byld fong waarden.

Toeristen dy’t sizze dat se neat fan de flechtlingen fernaam hawwe op fakânsje, ha de eagen ticht hân. Der is gjin ûntkommen oan. Op ús fytstocht oer it eilân seagen wy de hastich opsette flechtlingekampen, wêryn’t minsken harsels yn plestik tintsjes rêde moatte. Noch gjin hûndert meter fierderop sitte fakânsjegongers nippend fan harren cocktail ûnder in parasoltsje as se jûns sjyk dinearje ûnder de Grykse stjerrehimel. En noch in heale kilometer letter fytsten wy lâns de havens, dêr’t sokke massale syljachten lizze, dat de lúkse teakhouten foarstevens fan de boaten oer it fytspaad stekke. Grutter ferskil tusken earm en ryk kinst net fine.

It joech my in nuver stekkend gefoel. Ik fielde my skynhillich as wy by de tintekampen del rûnen, op syk nei in leuk restaurantsje om te iten. De wittenskip dat wy as fakânsjegasten werklik alle gelok fan de wrâld ha, wylst dizze minsken allinnich mar fan sa’n libben dreame kinne. Oan de gids fan ús reisorganisaasje fregen wy wat wy sels dwaan koene. En oft der bygelyks in opfanghûs wie? Ynkoarten kaam der wer in nij cruise skip, fertelde er ús, dêr’t alle flechtlingen yn opfong wurde soenen. En der wie in stichting opset, dy’t jild ynsammele foar iten en drinken foar al dizze minsken. Dus as wy wat dwaan woene, dan wie jild jaan fierwei it bêste.

Nei’t wy by thúskomst mei de famylje ús fleurige fakânsjefoto’s besjoen hiene, krige ik wer datselde stekkerige gefoel. Al dy gesellige kiekjes fan ús brune laitsjende hollen boppe in board mei lekker iten, die my op ‘e nij tinken oan dy plestik tintsjes op it strân. Om myn skuldgefoel ôf te keapjen, ha ik it bedrach dêr’t wy de hiele wike fan iten en dronken ha op Kos, oermakke nei de stichting Hulpacties Bootvluchtelingen. Oft it wat helpt? Ik wit it net. Ik kin it allinnich mar hoopje.

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)