Swimtocht oer Iselmar mislearret

31 aug 2015 - 07:36

Milko van Gool fan Lith, Noard-Brabân, is der net yn slagge om trije kear de Iselmar oer te swimmen. Van Gool koe de 66 kilometer net folhâlde, want hy waard net goed. Hy wie mislik en moast spuie. Dêrom is er yn oerlis mei syn coach nei sa'n acht-en-in-heal oere ophâlden mei syn swimtocht. Hy moat no earst oansterkje. Van Gool fertrok sneintemiddei. Eins soe er tongersdei al fan start, mar doe liet it waar de tocht net ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)