Twadde ferlies foar Snits Wyt Swart

30 aug 2015 - 16:25

Snits Wyt Swart Boso ferlear snein ek de twadde wedstriid fan it seizoen mei 3-1 by JVC Cuijk. Yn Noard-Brabân sette Age Hains Boersma al betiid de 1-0 op it boerd, mar syn treffer waard ôfkard. Sean de Ruiter soarge nei in lyts kertier wol foar de Snitser foarsprong. Op slach fan rêst kaam Cuijk op likense hichte.

Yn de 63e minút wie it op 'e nij de thúsploech dy't skoarde en sa de lieding oernaam. Yn de slotfaze moast de ploech fan trainer Berry Zandink definityf belies jaan, doe't Cuijk de 3-1 op it boerd sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)