Ljouwerters mei drugs oanhâlden yn Oerisel

30 aug 2015 - 13:14
  • Oanhâlding

Trije Ljouwerts fan 29, 32 en 35 jier binne sneontejûn oppakt foar drugsbesit. Se wiene yn Almelo in hoarekasaak útset,omdat se dêr drugs brûkten. Dêrop wiene se yn de auto rjochting it noarden stapt.

De plysje sette de Ljouwerters op de N36 by Diffelen yn Oerisel oan de kant. De 35-jierrige bestjoerder moast blaze. Hy hie te folle dronken. De auto mei de trije ynsittenden moast mei nei it buro. Dêr trof de plysje yn de auto meardere wikkels mei harddrugs oan. Dêrop waarden de trije manlju oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)