Jonge bedriget befeiliger mei de dea yn feesttinte

30 aug 2015 - 12:08

In 17-jierrige jonge út de gemeente Hearrenfean hat ôfrûne nacht in befeiliger mei de dea bedrige. Yn de feesttinte yn Oranjewâld wiisde de 34-jierrige befeiliger de jonge derop dat er gjin alkohol drinke mocht. De jonge waard lulk en bedrige de man.

De befeiliger warskôge de plysje en dy naam de jonge mei nei it plysjeburo. Dêr sei er dat er neat mear fan de bedriging wit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)