Man oppakt nei rûzje yn feesttinte yn Twizelerheide

30 aug 2015 - 11:44

In 23-jierrige man út Kollumersweach is sneintemoarn betiid oanhâlden yn de feesttinte fan Twizelerheide. Hy wurdt fertocht fan mishanneling. De man soe in 16-jierrige jonge út de gemeente Achtkarspelen by de kiel pakt hawwe.

De jonge soe opmerkings makke hawwe tsjin in oare jonge. Dy helle de 23-jierrige derby. De fertochte sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)