PEC Zwolle-supporters oanhâlden op It Hearrenfean

30 aug 2015 - 11:06

De plysje hat sneontejûn yn it sintrum fan It Hearrenfean sân supporters fan PEC Zwolle oanhâlden foarôfgeand oan de fuotbalwedstriid tsjin SC Hearrenfean. Plysjes yn boarger seagen dat de sân de konfrontaasje oangean woene mei in groep Hearrenfeansupporters. Foardat it safier kaam, koe de plysje se oanhâlde.

Fiif fan de sân sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. It giet om trije manlju út Zwolle en in man en in frou út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)