Besikers Fiskerijdagen Harns binne minút stil

30 aug 2015 - 09:42
  • Fiskerijdagen yn Harns

Op yndrukwekkende wize is sneontejûn by de Fiskerijdagen yn Harns stilstien by de dea fan Piet Lichtendahl fan Kimswert. Om alve oere wiene de tûzenen besikers fan it feest ien minút stil. Lichtendahl krige tongersdeitejûn in hurde klap yn it gesicht en foel. Freedtenacht is er oan syn ferwûnings ferstoarn.

De organisaasje fan de Fiskerijdagen kaam sneon mei it idee om nei it fjoerwurk in minút stilte te hâlden. Dat om Lichtendahl te betinken en om stil te stean by de gefolgen fan sinleas geweld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)