Oane Galama en Freark Kramer winne nasjonale kompetysje

29 aug 2015 - 20:25

Oane Galama by de senioaren en Freark Kramer by de junioaren ha it einklassemint fan de nasjonale kompetysje wûn. Yn Polsbroekerdam waarden beide Fryske ljeppers twadde yn de lêste wedstriid fan it seizoen. Nederlânsk kampioen Jaco de Groot wûn mei 20.51, Oane Galama ljepte 20.07. Freark Kramer sprong mei 18.54 in moai pr, mar de winst gong nei Ricardo Faaij mei 19.48, ek in pr. Dymphie van Rooijen wûn mei 15.27 by de froulju en ek it klassemint. Klaske Nauta helle 15.21, goed foar it twadde plak ek yn de einstân fan de kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)