Winst foar kuorballers De Hoeve, lykspul foar SCO

29 aug 2015 - 17:30
  • Kuorbal

De kuorballers fan SCO binne it seizoen yn de haadklasse sneon begûn mei in 19-19 lykspul by DOS '46. Yn Nijeveen naam DOS '46 fan it begjin ôf de lieding. By rêst wie it 13-10. Nei it skoft rûn de ploech fan trainer Aegle Frieswijk de efterstân yn oant 17-17 en pakte sels in 17-19 foarsprong. Mar yn it slot kaam DOS '46 dochs noch op in likense hichte.

De Hoeve pakte in 22-19 oerwinning by SKF yn Veenendaal. By rêst stie der in 13-11 stân op it boerd. Yn de twadde helte kaam de ploech fan trainer Sake Koelma lânsside en pakte de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)