Partoer Sint-Jabik wint FB Oranjewâld Cup yn Dronryp

29 aug 2015 - 16:14

Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Renze Pieter Hiemstra fan Sint-Jabik binne sneon de winners wurden fan de FB Oranjewâld Cup. Yn Dronryp wûn it favorite trijetal de finale mei 5-2 en 6-6 fan Easterlittens, mei dêryn de bruorren Simon Zijlstra en Erwin Zijlstra en Pier Piersma. It is de twadde kear dat Sint-Jabik de cup pakt, want yn 2012 wie der ek al winst.

De tredde prizen wiene foar Grou en Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)