Brommerrekôr ferbrutsen op Oldtimerfestival yn Twizelerheide

29 aug 2015 - 16:08
  • Oldtimerfestival (argyffoto)

It Frysk rekôr 'brommers op in rige sette' is sneon ferbrutsen. De teller stie op 86 en dat is rom ferbettere, want op it Oldtimerfestival yn Twizelerheide stiene no 310 eksimplaren. Nei it fêststellen fan it rekôr wie der in toertocht. Boargemaster Gerbrandy joech it startskot foar de rekreative riderij dy't troch de doarpen yn de omkriten gie, Yn Kollum is in aktive brommerklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)