'Dafne Schippers-effekt' by atletykklups

29 aug 2015 - 14:41
  • Leden fan it jeugdteam Mila traine by atletykferiening Horror yn Snits

By de jeugd wurdt baanatletyk hieltyd populêrder. Dat hat te krijen mei de goede prestaasjes fan Nederlânske atleten lykas Dafne Schippers en Sifan Hassan. De ynstream fan jonges en famkes by de klups nimt ta, seit trainer Harry Jorritsma fan jeugdteam Mila. En dêrmei ek de kwaliteit.

It jeugdteam Mila is oprjochte om de Fryske toppers te begelieden. Dat smyt no al wat op. De jonge Fryske atleten rinne hieltyd better en hurder. Neffens Jorritsma is de kâns grut dat guon fan harren yn alle gefallen lanlik trochbrekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)