Minút stilte op Fiskerijdagen nei deadlike mishanneling

29 aug 2015 - 12:25

Op de Fiskerijdagen yn Harns wurdt sneontejûn om 23.00 oere in minút stilte hâlden nei de dea fan in mishannele man. De 58-jierrige Piet Lichtendahl út Kimswert krige yn de nacht fan tongersdei op freed yn in Harnzer kafee oan de Grote Bredeplaats in hurde klap yn it gesicht en foel dêrtroch. Hy stoar yn it sikehûs oan syn ferwûnings. De fertochte (35) út Harns sit fêst.

De organisaasje fan de Fiskerijdagen hat sneon oerlein mei boargemaster Sluiter oer hoe no fierder. Besletten is ta de minút stilte nei it fjoerwurk. Yn de hoareka giet de muzyk út om stil te stean by it drama.

De eigener fan it kafee Eigentijds dêr't de mishanneling plakfûn, mei yn ferbân mei it ûndersyk neat sizze. Hy lit yn in reaksje witte dat er meilibbet mei de famylje fan it slachtoffer.

Der hat freedtejûn ek noch in slim ûngelok west by de ringriderij yn Harns. Ien fan de hynders sloech op 'e rin en it slachtoffer kaam ûnder de sjees telâne. De persoan rekke bot ferwûne, mar is no bûten libbensgefaar, seit boargemaster Sluiter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)