Slachtoffer stoarn nei mishanneling yn Harnzer kafee

29 aug 2015 - 08:37

De man dy't yn de nacht fan tongersdei op freed mishannele is yn in Harnzer kafee oan de Grote Bredeplaats, is ferstoarn. It giet om de 58-jierrige Piet Lichtendahl út Kimswert. Hy waard nei de mishanneling mei slimme ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. Dêr is er yn de nacht fan freed op sneon oan syn ferwûnings ferstoarn.

De plysje hat yn de rin fan de freedtemoarn in 35-jierrige Harnzer oanhâlden op fertinking fan de mishanneling. De man sit fêst.

It drama is it gesprek fan de dei yn Harns. Dêr binne de Fiskerijdagen. De organisaasje fan de Fiskerijdagen hat sneontemoarn om 11 oere oerlis mei de gemeente en de hoareka oer it stjergefal. Se wolle beprate op hokker wize oft se dêr omtinken oan jaan moatte.

Trefwurden: 
Harns mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)