Auto botst tsjin frachtwein op A7

29 aug 2015 - 07:39

De A7 rjochting Grins hat yn de nacht fan freed op sneon koarte tiid ôfsletten west foar it ferkear nei in ûngelok. By Fryske Peallen botste in auto achterop in frachtwein. Dêrtroch sloech de auto oer de kop. De brânwacht hat de bestjoerder, in 47-jierrige Ginzer, derút helle. De man rûkte nei drank. Hy wie noch oansprekber, mar moast wol nei it sikehûs.

De bestjoerder fan de frachtauto kaam der mei de skrik ôf. De frachtauto liket net folle skea te hawwen. De ôfsluting fan de A7 hat al mei al in lyts oerke duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)