Ynteraktive 'Boeretoer app' presentearre yn Aldetrine

28 aug 2015 - 18:06

Mear konsuminten sjen litte wat in boer krekt docht. Dat is it doel fan de ynteraktive 'Boeretoer app' dy't freed presentearre is yn Aldetrine. Mei de app kinne belangstellenden mei help fan in smartphone of tablet in toer fan 30 kilometer folgje lâns 25 boerebedriuwen en oare bysûndere plakken yn de gemeente Weststellingwerf. Underweis wurdt mei tekst, audio en fideobylden ynformaasje jûn oer de boerebedriuwen. De boere-app kin fergees delhelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)