Asbest fûn by wurk oan gersmatte op It Amelân

28 aug 2015 - 17:40
  • Keunstgers

It wurk oan de gersmatte fan de Waadseedyk op It Amelân is stillein om't der asbest fûn is. Oannimmerskombinaasje Van den Herik/Jansma trof lytse partsjes asbest oan ûnder it gers. Op de dyk, westlik fan de Pietje Miedewei, wurde gersmatten loshelle om de grûn op te heegjen en se letter opnij werom te lizzen. Under dy matten leinen partsjes asbest.

In stik fan 200 meter is ôfset mei linten. Der wurdt no fierder ûndersyk dien. De resultaten dêrfan wurde yn de rin fan nije wike ferwachte. Dan wurdt bepaald wannear't it wurk fierder kin.

De wurksumheden ûnder oan de dyk gean wol gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)