Nije kommandant foar fleanbasis Ljouwert

28 aug 2015 - 17:31
  • De nije kommandant Denny Traas

De fleanbasis Ljouwert hat in nije kommandant, Denny Traas. Freed naam hy it findel oer fan Gerbe Verhaaf. Dy giet nei Den Haach. Traas sjocht in útdaagjende takomst foar de fleanbasis. Der sitte grif nije misjes oan te kommen en dêr moat de basis klear foar wêze. Dat betsjut dat der ek noch mear ynnoveard wurde moat.

Ek wol Traas de gearwurking mei oare ienheden útwreidzje. Hy wit dat de misjedruk in swiere wiksel lûkt op it personiel. Hy wol der dan ek foar soargje dat it personiel goed motiveard bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)