Talinteklasse by hoareka-ôfdieling fan ROC Drachten

28 aug 2015 - 17:02

ROC Friese Poort yn Drachten begjint by syn hoareka-ôfdieling mei in talinteklasse. Dêr binne learlingen foar selektearre dy't harren goed ynset hawwe en motivearre binne foar har stúdzje. Se hawwe boppedat útlizze moatten wêrom't se yn de talinteklasse wolle en se moatte yn harren frije tiid staazje rinne wolle.

Se krije sa mear ûnderfining en se wurde sa ek oplaat om mei te dwaan oan kulinêre wedstriden. De Friese Poort belûkt it bedriuwslibben ek by de talinteklasse. Der dogge ûnder oaren twa restaurants mei in Michelinstjer mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)