Seldsume sieraden en munten stellen yn Menaam

28 aug 2015 - 15:43

De plysje is op syk nei in tal seldsume sieraden en munten, dy't koartlyn stellen binne by in ynbraak yn Menaam. It giet ûnder oare om in sulveren ryksdaalder út 1847 en twa goudene ringen. De plysje tinkt dat de munten en sieraden miskien ergens te keap oanbean binne. It is net bekend wat de wearde is fan it stellen guod.

Foto's fan it stellen guod steane op de webside fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)