Rezjysitting saak-Makkingea op 23 novimber yn Almelo

28 aug 2015 - 14:57
  • De rjochtbank fan Almelo

De rezjysitting fan de rjochtsaak oer it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea is op 23 novimber. De saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele, it giet om in sitting dêr't it Iepenbier Ministearje en de ferdigening oanjaan kinne wat se ûndersocht ha wolle. De behanneling fynt plak by de rjochtbank yn Almelo.

De advokaat fan de fertochte, Tjalling van der Goot is it hjir net mei iens om't syn kliïnt yn dizze rjochtbank gjin Frysk prate mei. Van der Goot hie dêrom in fersyk yntsjinne om de saak yn Ljouwert behannelje te litten.

Van der Goot jout it noch net op. Hy sil no besykje om it Iepenbier Ministearje 'op oare wizen' fan gedachten feroarje te litten. Van der Goot wurdt hjiryn stipe troch Twadde Keamerlid Lutz Jacobi, dy't hjir fragen oer stelle sil yn de Twadde Keamer. As it Iepenbier Ministearje dochs noch beslút om de saak oer te pleatsen nei Ljouwert, komt de sitting yn Almelo op 23 novimber nei alle gedachten te ferfallen.

Sjoch op de website fan Anker en Anker foar mear ynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)