Alle moannen hafabra yn Noardewyn live

28 aug 2015 - 11:53
  • De Spikerpakkeband by Noardewyn live

Yn it Omrop Fryslân radio- en tv-programma Noardewyn live sil tenei elke moanne in harmony, brassband of fanfare te hearren wêzen. It muzykprogramma op de freedtemiddei wol in sa breed mooglik skala oan muzyk hearre litte. Njonken bands en solo-artysten dy't optredens fersoargje, komt tenei ek de saneamde hafabra oan bod.

De Spikerpakkeband út Opsterlân hat de primeur. Sy binne freedtemiddei as earste oan bar. Ek sille de kommende tiid ferskate koaren del komme foar in optreden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)